The Sharing Knife: Horizon

The Sharing Knife: Horizon
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2009, New York
oarspr. útjwr. Eos
rige
rige The Sharing Knife
● foarich diel The Sharing Knife: Passage
● folgjend diel gjint (is lêste diel)
kodearring
ISBN 978-0 06 13 75 361

The Sharing Knife: Horizon is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Sharing Knife, ien fan Bujold har beide fantasysearjes, wêrfan't de earste fjouwer boeken in trochrinnend ferhaal foarmje. Sadwaande is Horizon minder goed los fan 'e oare dielen te lêzen as romans út Bujold har oare beide romansearjes, de Vorkosigan-kroniken en de Chalion-syklus. Horizon is it fjirde en lêste diel fan The Sharing Knife. It waard foar it earst útjûn yn 2009 en is ûnderwilens oerset yn trije talen.


Developed by StudentB